Frysk Deiblêd: gjin kultuer online

Jim witte dat ik de Ljouwerter krante opsein haw. Temin Fryske kultuer en sa. En as jo dit artikel lêze dan giet jo alhiel de grize oer de grouwe. Ja, it stiet op It Nijs, dêr komt ek noch wolris wat bestekliks op. (It liket der op dat dy geweldige kartoonist dien kriget nammers). Ik mis de krante alhiel net! Hy leit ek wol yn de byb, ik haw him yn 5 minuten út.

Mar, sille jo sizze: It Frysk Deiblêd dan, is dat net in stik better? Faaks is dat sa, en de Sneinspetiele mei ik graach lêze. Lykwols, sjoch ris nei it FD op it ynternet… Dat is in beskamsum soadsje. De lêste kultuerbydrage is fan 26 juny… Net bepaald in lokkerke dat online FD…

Jûn lekker ite.

Comments 1