Jarich Bamy

‘Ik hâld de Fryske literatuer yn it algemien wol goed by. Durk van der Ploeg mei ik wol graach lêze, it iene boek mear as it oare. Gedichten mei ik ek graach lêze, Cornelis van der Wal fyn ik in hiele goede, orizjinele dichter. Him kin ik noch út de tiid by de Akademy, hy wie doe ek in skoftke mei it Frysk wurdboek dwaande. Ik lês in hiel soad, ek âldere boeken, bygelyks út de njoggentjinde ieu, fan Waling Dykstra.’

Sa hearre jo it ris fan in oar. In sitaat út it tige nijsgjirrige fraachpetear dat Hedwig Terpstra mei Jarich Hoekstra fierde. It stiet op Frysk Literêr Tydskrift ensafh. Ek wol nijsgjirrich is de reaksje fan kollega redakteur Edwin de Groot op Abe de Vries syn *kuch* analyse fan de nijste papieren ensafh…

10390004_972184336140592_87402263023472371_n

Oer dichtsjen sprutsen: ik sil de kommende wike, hjir op de kemping oan de Iselmar, wer nij wurk skriuwe, dat wit ik no al. Ik haw it wer lang opsparre…

Wy hawwe bamy iten.

Post a Comment

Your email is never published nor shared. Required fields are marked *