In berjocht op Facebook: de Contrabas stiet net langer ynskreaun by de KvK. En freed waard bekind dat de útjouwer, Chr. Breukers, net mear yn it Basis Registratie Personen register stiet. Soks betsjut dat de útjouwerij de Contrabas aanst ek net mear bestiet.
Fan Buro ISBN:
Friduwih Riemersma; Tryntsje van der Steege; Eric Hoekstra. Alde meuk? Essays oer klassikers yn de fryske literatuer. De Contrabas, 26-09-2014;
ISBN 978 90 7932 84 4
Aggie van der Meer****. De Contrabas, 26-09-2014; ISBN 978 90 7932 81 3
De boeken wurde dus troch de Contrabas útjûn. Neat te sjen fan HotSum
Teake Tresoar en Abe HotSum seine: ‘neat te rêden, alles is goed regele!’ Jo kinne warskôgje en nochris warskôgje, mar der wurdt hielendal net op reagearre. Dan moatte se it sels mar witte. En der is noch folle mear oan ‘e hân, letter faaks mear…
Mar ek in goed berjocht: om ien as oare reden docht myn âlde Panasonic Toughbook it ynienen wer!
Jûn waarm iten.
Updeet: Teake Oppewal yn in taspraak by de boekpresintaasje fan de HotSum-essays ‘Dêrom binne wy fan it sirkwy sympoasium der tige wiis mei dat útjouwerij HotSum it op him nommen hat efternei de útjefte fan de essees te fersoargjen, yn ‘e mande mei Contrabas. En ik leau dat ik dat ek sizze mei út namme fan de trije esseeskriuwers (ik wol ek noch neame dat Audiofrysk alle jierren cd’s útbrocht hat mei de lêzingen).’
Reaksje Friduwih Riemersma op dit blog en dat fan Bart FM Droog: http://nederlandsepoezie.eu/?p=2134 – Ik haw nearne lêzen hokker saaklike oanpak de dupearre klanten fan De Contrabas keazen hawwe. Binne der bygelyks klachte-ynventarisaasjes op Radar, wat is de bêste rjochtsgong, wat te dwaan as men as lytse skuldeasker gjin foardering útbetelle krije, ensfh? Mei oare wurden, hawwe de klanten fan De Contrabas wol slutende ôfspraken makke sadat se har ferhaal helje kinne? Hawwe de ôfspraken ea wol saaklik west? – En wat myn “ôfspraak” oangiet, ik krige de opdracht (opslein op hurde skiif) ta it skriuwen fan myn essee fan… Read more »