Reaksje Friduwih Riemersma op dit blog en dat fan Bart FM Droog: http://nederlandsepoezie.eu/?p=2134
– Ik haw nearne lêzen hokker saaklike oanpak de dupearre klanten fan De Contrabas keazen hawwe. Binne der bygelyks klachte-ynventarisaasjes op Radar, wat is de bêste rjochtsgong, wat te dwaan as men as lytse skuldeasker gjin foardering útbetelle krije, ensfh? Mei oare wurden, hawwe de klanten fan De Contrabas wol slutende ôfspraken makke sadat se har ferhaal helje kinne? Hawwe de ôfspraken ea wol saaklik west?
– En wat myn “ôfspraak” oangiet, ik krige de opdracht (opslein op hurde skiif) ta it skriuwen fan myn essee fan Sirkwy. Dus ik bin mar útfierder en de opdrachtjouwer Tresoar is formeel ferantwurdlik foar it útjaan fan ús essees. De wize dêr’t de ôfspraken tusken de partijen Tresoar, HotSum en De Contrabas op makke binne hawwe dêrom net myn ynteresse, ommers as der wat misgiet kin ik Tresoar oansprekke (as dy it dan juridysk spylje haw ik gjin poat om op te stean as útfierder, mar dat wit ik al hast in jier).
– In ynskriuwing by de KfK seit gewoanlik neat oer de betrouberens fan in bedriuw.
– Ik bin net sa’n antesedinte-neilûker. Takomst is wichtiger as it ferline en de doelen en oanpak fan HotSum jouwe my it folste fertrouwen yn de útjouwerij, ynbegrepen har kar foar partners.
– It liket inkeld saaklik misrûn by De Contrabas; ik tink dat it foar elkenien better is dat de net-saaklike kapasiteiten fan Breukers wol ynset wurde. Der lykje ommers al sa’n soad sinten fuort te wêzen, as Breukers hielendal fuort moat, ynbegrepen alles wat er wol kin, is der hielendal sprake fan kapitaalferneatiging.
Beste Friduwih, Als je je dit werkelijk afvraagt: “Mei oare wurden, hawwe de klanten fan De Contrabas wol slutende ôfspraken makke sadat se har ferhaal helje kinne? Hawwe de ôfspraken ea wol saaklik west?” heb je kennelijk nog nooit van contracten en normale, zakelijke afsporaken gehoord. Dit is écht het onnozelste dat ik iemand de laatste maanden heb horen vragen. Maar goed, je overtreft jezelf met: “it folste fertrouwen yn de útjouwerij [HotSum] – hoe kan je vertrouwen hebben in een uitgeverij die willens en wetens in zee gaat met een al herhaaldelijk door rechtbanken veroordeeld wanbetaler en oplichter? We… Read more »
Efkes knipp’n en plakk’n fan Facebook: Friduwih Riemersma en ik tink dat by fúzjes en oernames fan útjouwerijen de sitewaasje foar skriuwers hiel ûngeunstich is/bliuwt: http://www.ivir.nl/publ…/kabel/wie_schrijft_die_blijft.pdf wy hoege ús dus noch net te ferfelen Cornelis van der Wal! 3 oeren · Mei’k wol oer Cornelis van der Wal Hoi Friduwih Riemersma! Alderearst lokwinske mei dyn jierdei! It is moai datsto sa posityf nei de takomst sjochst, mar do silst dochs ek graach sjen dat dyn essay aanst ek te keap is? Breukers betellet de ôfrûne jierren syn printers en distribiteuren net, dat hast gjinien wol mear mei de Contrabas yn… Read more »