Literatuerbefoarderer Oppewal swijt oer misstannen by de Contrabas + Updeet

Ja, ik bliuw der oer trochgean oant dat der antwurden komme.

By de presintaasje fan de nijste útjeften fan HotSum/de Contrabas hâlde de baas fan de Fryske skriuwers, te witten Teake Oppewal, literatuerbefoarderer te Ljouwert, in praatsje. Oer de útjefte ‘Alde meuk?’ sei er ûnder oaren it folgjende: Dêrom binne wy fan it sirkwy sympoasium der tige wiis mei dat útjouwerij HotSum it op him nommen hat efternei de útjefte fan de essees te fersoargjen, yn ‘e mande mei Contrabas.

Selection_003

It is no 05-11-14 en it boek is noch hieltyd net te bestellen

Yntusken hat bliken dien dat de Provinsje Fryslân de subsydzje foar ‘Alde meuk?’ ynlutsen hat. Oppewal is hjir ek fia de mail fan op ‘e hichte brocht. Mar der komt gjin reaksje. Oppewal stuts dy jûn in joechhei-ferhaal oer in oplichter ôf. Ien dy’t dichters allegear moais foarspegelet, mar der  mei harren jild fan troch giet:

Intussen blijft hij doorgaan met het belazeren van dichters. In recente Contrabascontracten eist hij € 750,- als voorschot of ‘bijdrage in de kosten’. Voor dat geld zou de dichter dan 100 auteurs- of bewijsexemplaren ontvangen. Hij belooft een relatief hoge oplage (à 350 ex.), goede promotie en distributie, en dat het boek bij de bekende internetboekhandels verkrijgbaar zou zijn. Hij incasseert het geld, laat vervolgens een beperkt aantal (100 tot 125) boeken drukken/printen. Dan betaalt hij de drukker niet of slechts deels. Hij doet vrijwel niets aan promotie – en waarom zou hij ook? – het boek is immers niet leverbaar. Distributie? Zijn vorige distributeur weigert nog langer zaken met hem te doen, vanwege openstaande rekeningen. En bovendien: er valt niets te distribueren.’ http://www.bartfmdroog.com/cb/

Jo soenen faaks in soarte fan mea culpa fan de literatuerbefoarderer ferwachtsje, mar nee… Teake fynt it wol prima, saken dwaan mei oplichters…

Updeet: ‘Alde meuk? is no ek net mear by de Afûkwinkel te bestellen… En de nije bondel fan Aggie van der Meer ek net…

Selection_004

Jûn tink seane rjappels. Mei wat der by.

 

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

3 Comments
Inline Feedbacks
View all comments
josse
josse
7 years ago

Grutte Pier (what ‘s in a name?),

Ik haw it lêzen en skriuwen leard mei OT en SIEN, mei in Peinzer TO en NIES, yn de jierren ’47 en ’48.

Dy langst PIER, dy langst nei doe sit noch yn myn pinne – in nije OT en in nije SIEN, swingend boppe Ljouwert yn de nacht, mei laser skriuwend:

wy wolle in gloednij KH18 sûnder TO!!!

Dikke Doei fan Kokky.

Grutte Pier
7 years ago

TO moat fut,no. En alles komt wer goed. Ja ja. Fryslân moat Fryslân bliuwe! TO is Fryslân! Ik hâld fan Fryslân sa as it wie en ek altiid bliuwe sil. Ik bin foar TO. Ik bin foar TOTO. Ik bin foar Fryslân TO-TAAL, de FRYSKE TO-TAAL (mei upwarne sinees),no.

josse
josse
7 years ago

TO hat ek saken dien mei Frou Caers dy’t yn in gearwurking mei TO, Alpita de Jong en Tresoar de klassiker LEAFDEDEA oantaast hat (sjoch myn analyses yn ‘Frozen moonlight yn myn hannen’ (2013, Elikser).

Ek dêrfoar hat TO gjin ekskuses oanbean – it is op ‘t lêst mar literatuer no!

Cornelis, dit is modern literatuerbefoarderjen troch de ‘Consultant Frisian Literature’.

Yn dit geheel binne de Deputearre fan Kultuer, de Direkteur en it Bestjoer fan Tresoar ferantwurdlik. It Skriuwersboun soe in moasje fan wantrouwe nei de Fryske Steaten stjoere moatte. Mar libbet dat boun noch wol?