Anne Popkema oer Teake en sa

Efkes knipp’n en plakk’n fan Facebook. ‘Alde Meuk’ is no nammers àl wer fia de Afûk Websjop te bestellen. Mar Aggie van der Meer har nije bondel noch net.

  • Anne Tjerk Popkema Do giest hjir te koart troch de bocht, Knilles. Teake hat hjir gewoan in fleurich praatsje hâlde wollen om in fleurich barren te fieren. Hy hat de tekst oan de folsleine Sirkwy Sympoasium-organisaasje foarlein en sy hat it prima fûn – ik dus ek. In presintaasje is net it plak om krityske nuten te kreakjen.
  • Cornelis van der Wal No, it wie dus gjin fleurich barren! Jim boek is no nearne mear te besetten, dat komt om’t jim oplicht binne. It soe Oppewal goed stean as er ris reagearje soe op de no ûntsteane sitewaasje. En dat jildt ek foar dy.
  • Anne Tjerk Popkema Sa’t ik it sjoch is dit benammen in saak fan de útjouwer en syn jildsjitters. De Sympoasium-club hat syn lêzingedei hân en de essees fan de auteurs binne akseptearre troch HotSum; sa sjoen hat it wer in suksesfolle edysje west. Hoe’t de gearwurking tusken HotSum en De Contrabas krekt is, wit ik net, mar dat dy gearwurking der wie wisten wy doe’t wy yn see gien binne mei HotSum. Mar fan Sirkwy út is der gjin sint yn dizze útjefte gien, dat wy ha eins net safolle om lilk om te wêzen. Mar fansels fine wy it tige spitich dat der safolle reboelje en ûndúdlikheid is oangeande de beide publikaasjes, dat komt de ferpsireding net te’n goede, wat ik benammen ek spitich fyn foar Aggie. Mar ik sjoch wier net yn wat wy sizze kinne dat de boel ferbetteret…

  • Cornelis van der Wal Oppewal cs binne fan te foaren warskôge foar de Contrabas. It wie doe’t Oppewal syn oraasje hâlde al bekend dat Breukers oan it fraudearjen west hie. Dêrom myn argewaasje oer syn praatsje. Ik freegje allinnich mar dat er syn wurden op syn minst nuânsearret. Mar hy wegeret om te reagearjen.

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of