Literêre fytstocht: Ytsje Hoekstra + Updeet

Ik fytste niiskrekt efkes nei de LIDL om boadskippen te dwaan. Underweis trof ik Ytsje Hoekstra, ek op ‘e fyts. Wy diene beide krekt oft wy mekoar net seagen, mar dat wie net sa. Ytsje wie lilk op my, se luts in gesicht as in tuorre.

Ja minsken: de boadskipper hat it wer dien! It is my wat.

En wêrom is Ytsje dan sa lilk op Knilles? No, ik bin kritysk op alles wat mei HotSum te krijen hat. En terjocht, nei myn miening. Sjoch foar de aardichheid ris nei it kommentaar fan Edwin de Groot, as reaksje op myn blog fan juster. Dêr haw ik eins net folle oan ta te foegjen.

Foar dejingen dy’t wat achter rinne: Ytsje is ien fan de minsken achter de útjouwerij dy’t eins gjin útjouwerij is.

Yn elts gefal: sa waard it dochs wer in literêre fytstocht.

Hiel aardich en faaks tafallich: ik ûntduts fannemiddei earder dat ik de jiergongen 2003/2004/2005 fan Farsk op in âlde eksterne skiif stean haw. Ris sjen wat wy dêr mei dwaan sille.

Ik haw nammers tegearre mei û.o. Ytsje H. yn de redaksje sitten.

Ut 2005:

corfarsk

Jûn patat en sneks

Updeet:

abefarsk

Comments 7