Minsken minsken, it is noch slimmer as dat ik tocht. Hanno Brand wit wier net wêr’t er it oer hat as it giet om de Fryske taal. En dat is direkteur fan de Fryske Akademy. De man soe tsjin himsels yn beskerming nommen wurde moatte.
Tank oan Meindert Reitsma op Facebook, dy’t skreau:
‘Neffens de direkteur fan de Fryske Akademy binne dit de dialekten yn it Frysk: 1) Klaaifrysk, 2) Wâldfrysk, 3) Biltsk, 4) Hoekskfrysk, 5) Súdwestfrysk, 6) Stellingwerfsk, 7) wat yn it Noardeasten, 8) in pear dialekten yn de stêden.
Fraach fan de dei: kloppet dit? En sa nee, wat dan net?’
Harkje sels, hjir: Kromme teannen alert
http://www.radio1.nl/popup/terugluisteren-programma/2463/2014-12-02
surrealisme bin ik bang!
Hoeksk Frysk is faaks it Frysk fan Eric Hoekstra as er Spaansk praat – in Übersprache yn Europa neffens de teory fan Brand (syn baas), yn Fryslân in Untersprache, want allinne mar in fariaasje op it Stellingwerfsk. Bist der noch Cor?
Wi libje hjir yn in lân fan Skieringers en Fetkeapers, staveringsrekkeliken en staveringsfundamentalisten. It binne krekt as Sjiieten en Soennieten. Friezen sûnder staveringstwisten binne moslims sûnder jihad, no.