Fers2: de Nijste Faal fan Abe + oanfolling

No ha’k it eins net oan tiid, mar dochs in lyts stikje oer fers2.eu, in nij inisjatyf fan Abe de Vries. It is in Frysk literêr tydskrift. Tige spitich dat Abe no ek Friduwih Riemersma yn syn fal meisleept. Want dat ek dit projekt mislearje sil is wis. Dat giet no ienkear sa, by Abe.

Wat is der allegear mis mei de side fan Abe en Friduwih? Der sit gjin feed op. Links nei Facebook en Twitter wurkje net. Dat wol sizze: fers2 sit hielendal net op Facebook as Twitter. Der sit gjin online reaksjemooglikheid op. Skitende benaud foar krityk alsa.

Nee, gjin subsydzje wolle, mar al om jild biddelje. Sa kenne wy Abe wer. Faaks kin er efkes by syn syn maat Chrétien del, foar wat tips en trúks.

Wy hawwe hin en bakte rjappels iten, kerrysaus derby.

Oanfolling: hoe’t mei it yntellektuele nivo fan fers2 stiet…

Selection_020

Nee, Abe, it is ‘Variationen’. Dreech no, dat Dútsk…

Comments 6