Boek fan de Bamy

It is my wat mei dy Fryske ‘literêre’ siden. Fers2 is fansels net om oan te sjen en ynhâldlik sil it folskreaun wurde troch de twa redaksjeleden, sa foarsis ik. Faaks brûkt Abe aanst ien as mear pseudonimen, om ferskaat te suggerearjen. It hat ek in hiel skoft duorre foardat de link nei harren Facebookside wurke, der steane ek links net Google+ en Twitter by. Ja, dy wurkje no ek. Der is juster ek in fers oer it freeslike barren yn Parys pleatst, mar dêr kinne jo net iens nei linke…

Koartsein: sa amateuristysk as mar kin. En, fansels, Abe wegeret syn flater wat de Goldberg Variationen oanbelanget te ferbetterjen. Wylst ik allinnich mar helpe wol, it is ek noait goed.

Amateuristysk, dat moat ik spitigernôch ek fan de side fan Boek fan de Moanne sizze. Grutte kâns dat jo dit te sjen krije:

Selection_021

‘Probearje’? Moat dat net ‘besykje’ wêze? Moat ‘noch ris’ net as ien wurd skreaun wurde? En hoe faak bart it net dat de side offline is… De amateur dy’t de side beheart soe ferfongen wurde moatte. Boek fan de Moanne soe in úthingboerd foar de Fryske literatuer wêze moatte. It liket sa nearne nei.

Jûn wer waarm iten. Grutte kâns dat it bamy wurdt.

10
Leave a Reply

avatar
10 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
6 Comment authors
Grutte PierKlaskeDinieHenk van der VeerKnilles Recent comment authors

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of
Grutte Pier
Guest

Cornelius waer bestu bleven?
Mi lanct na di gheselle mijn
…, no.

Grutte Pier
Guest

It is wer lang stil oan de oerkant, no.

Grutte Pier
Guest

Stil’s. In Amaryllis. Wêr bistoto?
Knilles is ek net geaf Frysk, nono.

Klaske
Guest
Klaske

Bamy is gever as nasy

Dinie
Guest
Dinie

Ah, bamy!! Einlings wer! #lekkel

Henk van der Veer
Guest

Oait learde ik fan goodold Jan de de Jong, learaar op PA De Him it folgjende:

prebearje hat altyd mei iten te krijen, besykje yn alle oare gefallen. Mar goëd ik bin un Sneker nou?!

Durk
Guest
Durk

Sawol probearje as besykje binne goed.