Priiswinnende wrap ta weismiten keard + Updeet

It wie wer frekte gesellich en fleurich yn café Vellinga justerjûn! Ik haw twa koarte, nije fersen foarlêzen. Sjoch by Henk van der Veer foar in moai ferslach.

Hjir lit ik in opname fan ús Deenske freon Geart Tigchelaar hearre. Foto: Jeroen van der Kallen

Lies niiskrekt in blog fan Ferdinand de Jong. Wêr binne Boeken fan Fryslân en de Provinsje yn ‘e goedichheid mei dwaande. Boeken fergees fuortjaan, sûnder dat de auteurs der fan witte. It jildt ek foar de boeken fan Hanneke de Jong, sa lies ik op Facebook.

Ik sitearje Ferdinand efkes: ‘Myn priiswinnende boek leit foar nul euro yn in bus. Wêrom soe in Fryske skriuwer ea noch de muoite dwaan om in nij boek te skriuwen? Se jouwe it mei stipe fan de provinsje fergees wei sûnder jo wat te freegjen. It is treurich.’

En wat skriuwt Rommert Tjeerdsma op Facebook: ‘Wy binne blykber gjin stoer mear wurdich en ta weismiten keard…’

Wy hawwe wraps mei gehak, saus en griente iten. Lekkel meneel.

Updeet: it docht bliken dat de útjouwers it net nedich fûnen en freegje harren auteurs oft dy wol akkoard giene mei dizze gong fan saken. Inside information.

2
Leave a Reply

avatar
2 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
2 Comment authors
lequel-laquelle-lesquels-lesquellesGrutte Pier Recent comment authors

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of
lequel-laquelle-lesquels-lesquelles
Guest
lequel-laquelle-lesquels-lesquelles

yt se!

Grutte Pier
Guest

Fisk moat swimme, mar it Fryske wurd wurdt djoer betelle, no.