‘e eh…

Jawis, ik haw ek efkes op Taalweb sjoen, en om earlik te wêzen, bin ik net sa ûnder de yndruk. Lês oars Daam syn stikje ris, ik kin it wol mei him lykfine. De oersethelp liket yn elts gefal nearne nei. It wurd ‘e hawwe se by de Akademy noch nea fan heard…

It makket allegear ek wat in suterige yndruk, dizze side. En der wurdt fan útgien dat jo altyd online binne, wannear’t jo oan it skriuwen binne. Dat jildt yn elts gefal net foar my, it ynternet soarget allinnich mar foar ôflieding, foar minder konsentraasje op de tekst.

En foar Linux wurdt der fansels wer neat regele, jo koene it ferwachtsje!

Makaroany iten.

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

1 Comment
Inline Feedbacks
View all comments
Grutte Pier
7 years ago

It is wer neat as knudde. It wurdt wer tiid foar in bom, no.