Besprek de Moanne, jiergong 9 nû. 2. Mei rapportsifers!

Nee, op it net stiet noch altyd de net al te oanloklike foarside fan nû.1, mar nû. 2 is al in skoftke út. Hjirûnder folget myn ûnmeilydsume, mar dochs nei objektiviteit stribjende besprek. Mei rapportsifers.

De foarkant: Jochem Hamstra is in bêste keardel, mar dy trui kriget in 6.4.

Estafettekollum is neat oan, in 4.3. Grytsje Schaaf is wat minder yn foarm mei har eigen kollum, in 6.8. Dat witte wy no wol, minsken yn de trein bekoekeloere en dêr in kollum oer skriuwe. Dat kin folle better Grytsje!

Ernst Bruinsma hat in ferbouwing hân yn syn eigen hûs. Ik moat der net oan tinke! Klearebare horror. En dat wurdt dan wer ferbûn mei brûsplakken. No ja, in 6.8.

In aardich petear fan Karen Bies mei keunstskilder Jochem Hamstra. Hie oars wol wat mear de djipte yn kinnen. No sa: in 7.2. De echte tragyk wurdt net oer sprutsen.

It muzykstikje fan Liuwe van der Meer giet oer âlde opera’s. Opera! Altyd goed. In 8.6.

Willem Schoorstra skreau in lang ferhaal: ‘Snapshots.’ Ik haw it noch net lêzen, mar it is in treflik stikje proaza. In 8.7.

Ate Grypstra levere in besprek fan Geart van der Mear syn oersetting fan ‘Paradise Lost’, fan de hear John Milton. Bytsje koart, mar net ferkeard, in 7.3.

André Bralts neamde lêst myn Kening Kees ien fan de grappichste boeken dy’t er de ôfrûne 20 jier lêzen hie. Dêrom kriget syn Kollum oer Anne Wadman in 9.3.

Karen Bies hat it oer Wallander. Dat fyn ik ek wol moaie boeken. No foarút: in 7.0. Ik bin myld hjoed. Oant no ta.

Arjan Hut skreau in stikje oer syn ferline as mislearre popmuzikant. Heden, heden. In 5.9.

Johan Jongsma hat in taalrubryk yn de Moanne. Net ûnaardich, mar syn styl kin noch wol wat better. In 6.5.

De foto’s fan Henk Bleeker yn dizze Moanne fyn ik net moai. In 4.8. Kin oan my lizze hear. Ik fyn fotografy sahoesa in oerskatte tak fan sport.

Slop stikje fan iene Laurens Bontes oer Rien Poortvliet. Sil wol iroanysk bedoeld wêze… In 4.3.

Treflik stik fan Geart van der Mear oer de hear Alfred Tennyson. Moai en prachtich ek Geart syn oersetting fan de Ingelske dichter. Hulde! Van der Mear hat gjin ear en each foar de moderne poëzij, mar âld papier hat er ferstân fan. In 9.4.

Tige matich stikje fan Sjoerd Bottema. Is it humor of sa? Nee, it is in 4.9.

Tsja, in gedicht fan Eeltsje Hettinga… It seit my neat, it docht my neat. Mar technysk ynoarder. In 6.3.

Goed stik fan Josse de Haan oer it nije boek fan Thomas Vaessens. Haw ik net lêzen, dat boek dan. Josse hat it al lêzen: in 7.6.

In artikel dêr’t Inge Heslinga yn foarkomt kriget fan my altyd in 8.0.

In stikje oer in toanielspyldert, in sekere Eelco Venema. Liket my mar wat in eigenwiis keardeltsje ta, wylst er noch mar krekt út de ruften is. In 5.4.

Toar en dreech stikje oer it wurdboek, fan Anne Dykstra. It is luftich bedoeld, mar dat is dus net slagge: in 5.3.

En dan wer it obligate anty-Fryske stikje yn de Moanne. Diskear fan de flauwe Steven de Winter. Gjin praat wurdich, mar al in 5.2.

De hear Huub Mous sil alle Fryske romans lêze dy’t nei de oarloch ferskynd binne. Binnen in jier. Foar dizze Guiness Book of Records prestaasje ferstjinnet er wol in foldwaande. In 7.2.

Sil jûn blik sop opwaarmje.

Post a Comment

Your email is never published nor shared. Required fields are marked *