Anna Tilroe mut fut!

Anna Tilroe docht wat artistyks by de Kulturele Haadstêd 2018. Eat mei fonteinen. Anna Tilroe hat wat op Fryske keunstners tsjin, dy hawwe neffens har in tige beheind artistyk ynsicht, se kinne allinnich mar mar Fryske eagen sjen. Dat, se komme net oan bod wat de KH18 oanbelanget.

Anna Tilroe moat mar gau wer nei Hollân ta, liket my.

LC 20-02-15:

11001742_1019561314735842_2035940613861811012_n

Foto: Jaqueline Brauwers

 

Comments 6

  1. elmar kuiper wrote:

    Se drukt har wat beroerd út. Mar echte argumintaasje ûntbrekt. It giet der faaks om dat it ynternasjonaal wat foarstelle moat. En dan kom je mei in grutte namme op ‘e proppen. It moat wat bylkje fansels.

    Posted 22 Feb 2015 at 12:18
  2. edwin wrote:

    Fan in “artistic director” soenen je mear ferwachtsje meie as sa ‘n generalisaasje.
    Teloarstellend.

    Posted 22 Feb 2015 at 19:32
  3. Grutte Pier wrote:

    Anna Tilroe is net artistyk lieder fan de Kulturele Haadstêd 2018, mar kurator fan it ‘fonteinprojekt âlve stêden’. Dat nimt net wei dat se mar wat út har hynstekop lullet, no.

    Posted 22 Feb 2015 at 20:36
  4. Knilles wrote:

    ‘Elk van de Friese Elfsteden krijgt er één: een fontein. Het is een van de weinige projecten van Leeuwarden Culturele Hoofdstad die na 2018 zichtbaar blijven. Artistiek directeur Anna Tilroe wil topkunst: ,,Het is erfgoed van de toekomst.” http://www.lc.nl/friesland/vandaag-in-freed-18353273.html

    Posted 22 Feb 2015 at 21:46
  5. Grutte Pier wrote:

    Lieven Bertels is artistyk lieder fan Lwd 2018 en net Anna Tilroe, no.

    Sjoch: http://www.2018.nl/nl/organisatie

    Posted 22 Feb 2015 at 22:02
  6. Knilles wrote:

    Tank. Dan is de Ljouwerter krante ek op ‘e doele. Berjocht oanpast.

    Posted 22 Feb 2015 at 22:14

Post a Comment

Your email is never published nor shared. Required fields are marked *

Videos, Slideshows and Podcasts by Cincopa Wordpress Plugin