Bakt kassafamke

Hjoed foar it earst dit jier wer ris in aardich ein fytst. De kop hat al wat kleur krige fan de maartsinne. Ik haw myn okkerdeis oanskafte DAB-radiootsje ek efkes goed útteste kind, en it wurket as in tierelier. Gjin steuringen mear, en in glêshelder lûd.

Yn Gytsjerk wat boadskipkes dien yn de lokale AH. Dêr wurde jo noch yn it Frysk oansprutsen troch de kassafamkes. Sa heart it!

Wy hawwe hamburger, bakte rjappels en slaad iten.

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

1 Comment
Inline Feedbacks
View all comments
Grutte Pier
6 years ago

Unsin! Fryske famkes witte net better, no.