Profetyske wrap

Ja juh, ik wie wat in flau grapke fan my, dat Fers2 stopje soe. Mar ik moat myn eigen profetyske jeften net ûnderskatte, want der is noch altyd gjin nije ôflevering online setten.

Wat stiet der yn de ‘statuten’ fan fers 2? Fers2 ferskynt ien kear yn de twa wike op it ynternet as www.fers2.eu. Ynsidinteel sil in printe temanûmer ferskine. Mar, ôfsjoen fan wat selspromoasje fan Friduwih Riemersma, binne de lêste artikels fan 26-02-2015. It is no 16-03-2015. Ik sis it mar efkes.

Koartsein: it hat der alle skyn fan dat Abe de Vries wer in nije mislearring op syn curriculum vitae sette kin. De bêste man is in soarte fan omkearde kening Midas: alles wat er oanrekket sil fermôgje.

Wy hawwe wer lekkel iten: wraps mei gehak en griente.

1
Leave a Reply

avatar
1 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
1 Comment authors
Grutte Pier Recent comment authors

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of
Grutte Pier
Guest

As it aapke mar net syn kul oanrekket, no.