Frysk Deiblêd: skamteleaze selspromoasje Abe de Vries

Fannemiddei lies ik in hiel apart krantestik fan in sekere Abe de Vries. It stiet yn it Friesch Dagblad fan sneon de 21e maart 2015.
It is in foarpublikaasje fan De Vries syn foardracht fan ankom sneon, op it Sympoasium yn de Koperen Tún.

Neist al lang bekende feiten oer Douwe Kalma hat De Vries it ek oer de hjoeddeiske Frysk-literêre tydskriften. Hy ferjit syn eigen Fers2.eu ek net! Sterker noch: it Deiblêd jout de bêste man de romte om skamteleas propaganda foar syn eigen tydskrift te meitsjen:

Selection_042

 

De Vries hat sa’t it liket carte blanche krigen by it Deiblêd. Earder al mocht er, as redakteur fan in konkurrearjend tydskrift ensafh delsabelje, sûnder ek mar in sprút ûnderbouwing te leverjen.

Sjoch, it sit sa, de redaksje fan ensafh hat yn it ferline ris in fersesyklus fan Abe ôfkard, en sûnt dy tiid kin it tydskrift neat goeds mear dwaan. De Vries reagearre mei in hetze, dy’t oant hjoed de dei trochgiet.

Unbegryplik dat it Deiblêd De Vries de hân boppe de holle hâldt.

En fers2? As myn ynformaasje kloppet, dan ferdwynt dit tydskrift meikoarten fan it net. Ynterne konflikten lykje de oarsaak te wêzen.

1
Leave a Reply

avatar
1 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
1 Comment authors
Grutte Pier Recent comment authors

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of
Grutte Pier
Guest

Blinder, it is wer oer de top mei it aapke.
Sket him del, no !