It Y-Skrift fan Skanomodu: platfoarm foar oersaaie jongerein

Justermiddei, 28-03-2015, wie ik, as ûnôfhinklik blogger, oanwêzich by it ‘Sirkwy Sympoasium ‘Fryslân en de wrâld 2.0. Jonge Friezen mei kulturele ambysje’.

Ik kin mis wêze, mar neffens my waard ik troch de lju fan Skanomodu wat mei in skean each oansjoen. Dat fansels fanwegen myn ‘ûnthulling‘ okkerlêsten fan harren Y-Skrift.

Lykwols, hoe is dat gien? Ik krige in berjocht út de RSS-feed fan Skanomodu, dat der in nij berjocht op de side stie. Dat haw ik oanklikt en buorkundich makke. Der falt my neat te ferwiten, alsa. Ik kin der neat oan dwaan, dat digibetisme fan in oar.

Aanst noch mear oer it Y-Skrift. It is net te leauwen, wêr moat it hinne mei de wrâld…

IMG_1163

De wenstige grize koppen!

De seal siet moai fol, en de presintaasje fan Froukje Sytsma mocht der wêze. Ik haw my skoan fermakke.

Ik bin efkes koart, mei jo wolnimmen, oer de lêzingen fan Jelle Krol en Durk Gorter. Tige kundich, de beide mannen, mei’k wol sizze. Krol kaam mei in nijsgjirrich ferhaal mei moaie plaatsjes oer Douwe Kalma en de Jongfryske Mienskip en Gorter toande oan dat it net sa goed wiist mei it Frysk yn KH 18. De teksten út it Bidbook stelle yn ‘e praktyk net it measte foar, neffens Gorter.

IMG_1169

Abe de Vries oan it wurd

 

Abe de Vries

De Vries wie net altyd goed te folgjen, neffens guon siet syn gebyt wat los. Yn elts gefal, yn syn opsomming fan Frysk-literêre tydskriften op it ynternet hat er Doar oer de holle sjoen. Net sa snoad, no. En, bestiet fers2.eu einlings noch wol?

IMG_1171

 

Fierders spruts er neffens Sytze Hiemstra, dy’t efter my siet, de namme Kalma net op syn Frysk, mar op syn Hollânsk út. Dat kin fansels ek oan it gebyt lein hawwe.

 

Meindert Reitsma

IMG_1173

Lykwols, it slimste moast noch komme: Meindert Reitsma.

De sûnder mis bejeftige en sympatike jongfeint woe hawwe dat it Frysk-literêre klimaat tige negatyf wêze soe, en neamde as foarbyld Josse de Haan syn krityk op Alpita de Jong har kar foar de Buchmesse. Dat mei net fan Skanomodu, krityk leverje. Jo moatte altyd dwaan wat de autoriteiten jo oplizze.

It Y-Skrift wol in posityf tydskrift wêze. Reitsma lânsearre it begryp mienisme. Koartsein: de striid, de kriich dy’t Douwe Kalma fertsjintwurdige, is fier te sykjen by de Fryske jongerein hjoed de dei. Suertsjes binne it.

Gjin romte foar strideraasje, gjin polemyk! Wy moatte ien mei inoar wêze! Pier Boorsma joech yn it publyk as reaksje: ‘In tydskrift dat allinnich positive berjochten leveret kin oars net as oersaai wêze!’

No sa.

In soarte fan ultra-konservative revolúsje yn de Fryske Literatuer alsa. It is dúdlik, fan de jongerein moatte wy it net hawwe.

 

7
Leave a Reply

avatar
7 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
5 Comment authors
Sigridanne feddemajosseGrutte PierDinie Recent comment authors

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of
Dinie
Guest
Dinie

Beskermje in in ‘feilich’ klimaat? It binne dochs gjin suurtsjes wol? Oh wacht…

Sigrid
Guest
Sigrid

Fan ien kant begryp ik de opmerking fan Pier Boorsma. In tydskrift dat gjin diskusje losmakket en polemiken út de wei giet is yndie oersaai. As der gjin krityk mear jûn wurdt dan feroaret der ek neat. Mar Meindert bedoelt neffens my wat oars, dat gjin diskusjes of polemiken útslút. De ynstek is om nije jonge skriuwers oan te lûken. Dat slagget it bêste yn in ‘feilich’ klimaat. Ast dy skriuwers dy’t it noch leare moatte fuortendaliks al mei negative krityk om de earen slachst, dan heakje der in soad wer ôf. Besjoch it fan de oare kant. It literêre… Read more »

Grutte Pier
Guest

GRUTTE Pier hat altyd gelyk, no.

anne feddema
Guest
anne feddema

Mar der is neat mis mei Elly en Rikkert. I love the motherfuckers.

josse
Guest
josse

SA JONG NOCH, EN AL SA ALD

38 Fryske skriuwers wiene it mei Willem Schoorstra en Josse de Haan iens dat de kar foar de Buchmmesse troch Alpita de Jong net doogde. Oant no ha we ek noch gjin oersetting sjoen!

Reitsma soe him opwine moatte oer it kapotmeitsjen fan de Fryske klassiker LEAFDEDEA troch Alpita de Jong, Teake Oppewal en Frou Caers – LEAFDEDEA is feroare yn in kffb-romantsje no’t der sinsuer tapast is.

NEGATYF? Ja, soks is negatyf oangeande de Fryske Letteren. Mar slomje, slime, slijme past faaks better hjoed de dei, Reitsma?

Grutte Pier
Guest

Wat in lange tekst! Jo binne fast deawurch, no.

Dinie
Guest
Dinie

En Pier hat altyd gelyk.