EO’ers yn ‘e aow

Selection_046
Efkes oanklikke foar in goed byld

Alsa de Ljouwerter krante fan hjoed. Ik haw it fan Facebook oernaam. No woe ik ôfrûne sneon ek graach it tekstboekje fan de lêzingen op it Sympoasium keapje, mar ik hie gjin cash by my. Ik bin oars tige benijd wat Reitsma ûnder persoanlike oanfallen ferstiet. Sitaten graach! Ik sil sjen oft ik it boekje moarn besette kin. Faaks neamt er myn persoan ek, it soe kinne.

In folwoeksen literatuer sil altyd mei polemiken te krijen hawwe. Wat tinkt Reitsma fan de striid tusken Douwe Kalma en de âldere Fryske skriuwers? Ik sitearje:

‘It optreden fan Kalma en syn Jongfriezen feroarsake in langduorjende striid mei in tal âldere Fryske skriuwers. Yn in grutte rige skelkritiken yn it sjenre fan Lodewijk van Deyssel bestookte Kalma harren yn de Leeuwarder Courant, de Nieuwe Sneeker Courant en yn inkelde brosjueres dy’t nochal wat opskuor joegen, benammen de Jongfryske beweging (1915), Fryslân en de wrâld (1916), Ljocht en Skaad (1916) en De skild fan it selskip (1917).’

Hie dat dan ek net wêze moatten neffens dûmny Reitsma? Heden heden, Kalma die it al wat mâl, net Meindert?

Wier, ik hie der nei útsjoen, in nij Frysk jongereinblêd op it net.

Dit binne lykwols gjin jongerein, wat harren mentaliteit oanbelanget. Geastlik sjoen binne it EO’ers yn ‘e aow.

Wy hawwe lekkele pasta iten.

14
Leave a Reply

avatar
14 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
8 Comment authors
edwinjosse de haanKnillesYtsje Hoekstrafred van der wal Recent comment authors

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of
edwin
Guest

Efkes los fan de argewaasje oer de ûnderbouwing fan Meindert/Skanomodu – ik haw dat allegearre net goed folge- ik winskje har alle SUK6 ta. En nochris los fan alle kontekst en op syn eigen merites is de tekst yn Ytsje har reaksje neat op oan te merken, tinkt my: (…) “Hjir tsjinoer: Wa toane oprjochte ynset foar in nije toan fan debat en polemyk dy’t meitsje moat dat minsken der noch nei harkje en yn meidwaan wolle? Ik ha mear sympaty foar de jonge minsken dy ’t iepenlik dizze oprop dogge, as foar âlde mannen dy’t dalik doarren tichtslane, ferjittend… Read more »

josse de haan
Guest
josse de haan

Goejûn Ytsje, 36 skriuwers woene mei Willem Schoorstra en Josse de Haan in oare kar foar de Buchmesse en skreauden fetsoenlike brieven oan Tresoar, Provinsje en Letterenfonds. M. Reitsma neamt soks NEGATYF en SKELKRITIKEN op Alpita de Jong. Dat is in ferdomd positive en konstruktive opfetting fan Reitsma oangeande skriuwers. Neffens my rinne je dan achter de ideeën fan de grutte Literatuerbefoarderer T. Oppewâl oan. Yndied, hy is lykas ik in âlde man. En Reitsma? Sels tinke en lêze is handiger as it neipapagaaien fan in fermôge âldman as de CONSULTANT FRISIAN LITERATURE. Opromje dy hap. Solidêr wêze mei skriuwers… Read more »

Grutte Pier
Guest

Sodeknetter, safolle hat Knilles sels yn in jier net op syn blog skrean, no.

Ytsje Hoekstra
Guest
Ytsje Hoekstra

“(…) I shall reply somewhat less delicately than you question. (…) I must say that I am a good deal less offended by your question than by what I perceive to lie behind it. You forget that I am an artist myself, and know the necessity of asking what to ordinary people would seem the most insulting and presumptuous things. How could I take offense at that which I myself would do, without the slightest hesitation, for the sake of my art? No , it is what I perceive in the tenor of your question that begins to give me… Read more »

Grutte Pier
Guest

Sûnder, no.

Grutte Pier
Guest

Sûnder sûker gjin Josse, no.

(??????)

Grutte Pier
Guest

Sûnder Josse gjin sûker, no.

(Dat mei wol, no)

fred van der wal
Guest

met belangstelling gelezen

Grutte Pier
Guest

Sûnder Josse gjin Fryske literatuer, no.

Dinie
Guest

Ik wurd hjir wat eolysk fan… Sûnder krityk gjin foarútgong!

Klaske
Guest
Klaske

You’re so vain
You probably think this song is about you
You’re so vain
I’ll bet you think this song is about you
Don’t you? Don’t you?

josse
Guest
josse

Mein Isme: SKELKRITIKEN

1.Willem Kloos – in bin god yn it djipst fan myn siel, wês konstruktyf gfd –

2. Douwe Kalma – ik leau allinne yn mysels, potferjanhinnekont –

3. Josse de Haan – tiersma is in Amazing Wâldhûske – hy hat it fjouwerkant frysk tsjil utfûn, en stuiteret wat hin en wer –

Hûra, hûra, hûra…….

Grutte Pier
Guest

Wêr hawwe it oer, no?