Och ja, dochs efkes trochgean op dat ‘Mienisme‘. Efkes koart, dan wol ik der ek gjin wurd mear oan smoarch meitsje.
Meindert Reitsma mient dat der yn de Fryske literatuer soks west hat, of noch is, as post-modernisme. No, Meindert, fierwei de measte Fryske skriuwers hawwe dêr noch nea fan heard, lit stean dat se sa’n streaming oanhingje.
Jo ôfsette tsjin in streaming dy net bestiet, liket my net al te snoad.
In bytsje Frysk skriuwer docht mar wat, en sa heart it ek.
Wy hawwe gehak mei griente en rys iten.
Jawis, mar dit is net hielendal wier. Josse de Haan hat postmodernistyske romans skreaun. Syn wurk dat nei 1995 is ûnstien – ynklusyf syn opus magnum Piksjitten op’e snyp (1999) – is yn folle opsichten earder postmodernistysk dan modernistysk. Benammen ELJA, de skepping fan Gummykut – in film (2006) is in 100 % postmodernistyske roman.
Tige tank, Grutte Pier.
Jo skreaven op Farsk: …’De Friese situatie, waarin het postmodernisme non-existent is en was,…’ En: ‘In de Friese literatuur – vrees ik – is het postmodernisme misschien zelfs nooit echt ingedaald.’ Dat bedoel ik dus, no.
Ek Grutte Pier hat skreaun oer it postmodernisme yn Fryslân.
Nota bene yn Farsk! Sjoch hjirre:
http://www.farsk.nl/krityk/2006/74mousfriescalvinisme.htm
Knilles, Knilles…. jo binne net goed wiis, no.
Goenacht Knillis,
Yn HJIR jiergong 23, novimber 1994, haw ik in essee skreaun oer:
‘Postmodernisme en de twa offisjele literêre tydskriften yn Fryslân’. Dit ta gelegenheid fan in priisfraach fan it Skriuwersboun yfm har 25-jierrich jubileum.
It is in frij iroanysk, mar ek boartlik stik wurden, benammen gekoanstekkerich.
Reitsma wie noch net bernne as ik it goed haw. Hy hâldt him (dus) dwaande mei âlderwetske rommel…
Doei, Josse