Waling Gaos

Heden, alwer in ôflevering fan Fers2! Dan begjint de wike goed, kin net better. Wy wurde mar ferwend!

In hiel aardich stik fan Abe de V. hear, oer Waling Dykstra.

It essay fan Friduwih R. is stilistysk bepaald gjin masterwurk. It giet oer de digitale Fryske tydskriften, wol’k leauwe, en dan komt fansels ek ensafh.nl oan bod.

Frou R. hat krityk op de sykfunksje op ensafh. Fansels, alles kin better. Mar it komt al wat nuver op my oer, ommers, hoe sit it mei de sykfunksje op Fers2.eu? Euh… efkes sykje… efkes sykje… efkes sykje… efkes sykje… efkes sykje… efkes sykje… euh…

Der is gjin sykfunksje op fers2.euh… En fierders is it in folsleine gaos op dy side, jo kinne der amper wiis út wurde. Dan sis ik: earst mar ris de balkenende út jo eigen each helje, frou R.

It is by it skriuwen fan dit blog net net bekend wat it jûnsiten wurde sil. Dat it waarm wêze sil, stiet fêst.

1
Leave a Reply

avatar
1 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
1 Comment authors
Grutte Pier Recent comment authors

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of
Grutte Pier
Guest

Dy foarmjouwing fan Fers2 is om skilich fan te wurde. Ik sjoch alles dûbel. Dêrfandinne hjit it ek Fers2, no.