Abe brekt mei Breukers

No, is dat net in moaie kop?

Ik haw it út tige betroubere boarne: Abe de Vries wol net langer gearwurkje mei Chrétien Breukers. It ynsjoch komt in bytsje let, mar dat binne wy wend by Abe. Ein ferline jier ferskynde der noch in samling essays fan De Vries by Breukers syn útjouwerij De Contrabas. De krekte, akute reden skynt in majeure printflater yn dat boek te wêzen.

chrbreukers

Chrétien Breukers

.

Mar, sa sille jo jo ôffreegje: hoe komt it no mei ‘Utjouwerij’ HotSum? Krije wy dêr ek ris in kear berjocht fan? En hoe is it no krekt gien mei it weromlûken fan de subsydzje foar in HotSum-projekt? Hawwe wy, as trouwe belestingbetellers, dêr gjin rjocht op? En wannear sille Abe cs. ris tajaan dat se hielendal ferkeard sieten wat de gearwurking mei de Contrabas oanbelanget> En wat seit ús Grutte Literatuerbaas Teake hjir fan? Dy wurke ommers ek froalik mei?

aabuh

Abe de Vries

No, der is jûn pizza, mar ik haw leaver in bakje opwaarmd iten, dat sa.

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

0 Comments
Inline Feedbacks
View all comments