Ja, it bestiet noch, it Skriuwersboun. Mar docht it ek wat? Neu, neat dat makket. Opheffe soe yn dit gefal it bêste wêze, tinkt my.
It Boun hat no ek noch mar twa bestjoersleden: amateurdichteres/sieleknypster Tryntsje van der Veer en oersetter/útjouwer Anne Popkema. De ynformaasje op harren side is wat dit oanbelanget net by de tiid.
It is alsa sahoesa in ôfrinnende saak mei dizze fossile organisaasje.
Update: ik krige berjocht op Facebook dat Johannes Beers, Auck Peanstra en Friduwih Riemersma yn it bestjoer kommen binne. Heden, heden, wat in gerêststelling! Mar wurkje dy side dan ris by!
Jûn waarm iten.
It Skriuwersboun is it perfekte symboal foar it fertriet fan Fryslân, no.