Faaks hawwe jim it al lêzen: it Kadoboek fan Tresoar sil dit jier in oersetting wêze fan Marten Toonder syn ‘De Vergelder’. No bin ik persoanlik wol in leafhawwer fan Toonder syn wurk. Mar wie der dan gjin oarspronklik Frysk skriuwer te finen?
It tsjûget fan grutte earmoed fan geast en fan lytsachting foar de Fryske literatuer om foar in Hollanner te kiezen.
Sa.
Jûn waarmje wy û.o. Bamy op.
de bamy wie wer treflik!!
Yn 2013 waard ek al in oersetting keazen as Kadoboek. Dat wy meie wol sprekke fan bewust anty Frysk-literêr belied fan Tresoar cs.
Tom Poes, betinke in list, no !
Literatuerbefoardering?
Dit toant net de earmoede fan de Fryske skriuwerij, mar de ultime arrogânsje fan Tresoar dy’t tinkt dat Bommel it Frysk foarut helpe sil.
By de 12 kandidaten foar de GJ sitte genôch lju dy’t it geskinkboek skriuwe kinnen hiene.
Ik tidigje op it Skriuwersboun dy’t ferklearje sil dat it net mear gearwurket mei ditsoarte ynstituten.
De kar foar de Buchmesse wie al in oanfluiting, dit is op syn minst noch skandaliger.