Literêre fytstocht op ‘e klaai

Ja minsken, der komme tige hite dagen oan, jim wisten it al. Ik kin der wol aardich oer, mar sjoch der net nei út.

Earjuster wie it moai, net al te waarm fytswaar, dat ik bin fia Deinum, Dronryp, Bitgummole, Ingelum en Marsum wer yn Ljouwert bedarre.

IMG_1309

Underweis seach ik Sito Wyngaarden fytsen, yn Bitgummole. Ik rôp, mar hy hearde my net. Eardopkes yn tink.

Werom yn Ljouwert siet André Looijenga yn Atelier de Klos mei myn ega te petearkjen.

No, as dat gjin literêre fytsttocht wie, dan wit ik it ek net mear.

Jûn waarmje ik in pear bakjes iten op. Pindasaus der by.

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of