Reaksje Remco van der Leeuw

Ik krige  juster op Twitter fan Remco van der Leeuw dizze reaksje:

Selection_101

It wie nei oanlieding fan dit blog.

It is faaks wat omslachtich, en net foar elkenien te folgjen en reagearje fia Twitter, dat ik doch it hjir mar efkes.

Van der Leeuw skriuwt:

‘Ik tink dat it in goeie kar is om mear te sjen nei de kant fan meartalichheid as it giet om it Frysk. Want neffens my leit de takomst fan it Frysk net yn de earste taal, mar yn de twadde of tredde taal. Yn in gruttere en globalisearjende wrâld witte wy dat it Ingelsk in belangrike skeakel is en bliuwe sil. Dêrnjonken hawwe wy ek in prachtich moaie taal dy’t Hollâns hjit en dêr’t wy in hiel ein mei komme kinne. En as lêste is der dan it Frysk. Miskien wol de taal fan thús. De taal fan it lytse, waarme en fertroude. De taal dy’t net troch in bulte minsken praat wurdt, mar júst grut is troch lyts te bliuwen. Lykas myn pake seit: “It komt tichterby as ik Frysk praat mei God”. It is fertrouder.’

Remco ‘fynt it in goeie kar’ ensfh. Dat hat neat mei ‘Ik fertel hoe oft ik tink dat it rinne sil’ te krijen, mar mei syn miening, mei hoe’t it neffens him wêze moat.

En wêrom soe Jehannes Elzinga op It Nijs dit oars skriuwe?: ‘Yn de rubryk Opiny fan it Friesch Dagblad fan 17 april pleitet Remco van der Leeuw fan Skanomodu, de feriening fan studinten Frysk, derfoar om it Frysk op te jaan as earste taal dy’t de minsken deistich brûke.’ …

Dat ik nim neat werom fan dat blogke.

Jûn pasta.

 

1
Leave a Reply

avatar
1 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
1 Comment authors
edwin Recent comment authors

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of
edwin
Guest

No sa.
Draaikonterij is it.