Hasjys en in fruchtesapke

No, dat giet tige rap hear, dat lienen fan boeken fia it IBL. Ik koe it boek juster al ophelje. It giet nammers om Droge Trakl, in stúdzje nei de ynfloed fan drugs op de poëzij fan Georg Trakl. Hiel dreech te bewizen soks, tinkt my. Mar ek tige nijsgjirrich. Ik sil der aanst yn begjinne.

Ik wit fan in pear Fryske skriuwers dat se wolris in bytsje hasjys smoke, en litte wy it mar net oer drank hawwe… Mar fierders binne de Fryske *kuch* literatoren klearebare suertsjes wat drugs oanbelanget.

Nim sa’n Meindert Reitsma, dy’t him fakkundich oeral ynslikket en lêzingen hâlde mei, wylst er eins neat te fertellen hat. Utsein dat er net oer rúzje en polemiken mei. En dat er op it postmodernisme yn de Fryske literatuer reagearret, mei syn Mienisme. Ik moat it nochris sizze: der hat hielendal gjin postmodernisme west yn de Fryske Literatuer.

Soe it jonkje wolris fierder gean as it drinken fan in fruchtesapke?

Ik haw pankoeken bakt en wy hawwe se opiten.

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of