Nee, ek dit jier gjin Boekefeest foar Knilles. Wy sille mei de Caravan nei it Djippe Suden (fan Fryslân)…
En wa’t de Gysbert dit jier kriget… It sil my in woarst wêze. Ik doar nammers wol de foarsizzing te jaan dat it Koos Tiemersma wurdt. Nee, dat bespotlike pseudonym krij ik net út ‘e pinne… Dat soe oars al hiel apart wêze, want wa hat Einum eins lêzen? Neffens my hast gjin minsk. De Friezen binne net sa fan it e-book…
Ik al, hear, mar ja…
Pizza foar de froulju en ik haw in bakje iten opwaarme.
Comments 1