Wêr is Durk syn € 5.000 bleaun?

No, jim hawwe it al sjoen fansels, myn profesije wat de Gysbert 2015 oanbelanget is útkommen: de hear Koos T. hat him krigen. Moai foar de man.

Wat, nammers, is der op ‘e hispel kommen fan de €5000,- foar oersettingen fan it oeuvre fan Durk van der Ploeg, de foarige winner fan de proaza-Gysbert? Fjouwer jier lyn, yn 2011, sei deputearre De Vries noch

dat it kolleezje fan DS besletten hie om foar ditkear nochris € 5.000 beskikber te meitsjen. It bedrach kin brûkt wurde om in titel út it oeuvre fan de winner oer te setten yn it Nederlânsk. De titel kin keazen wurde yn de mande mei Tresoar en Van der Ploeg. In oersetting is in moai middel om lêzers yn oare parten as Fryslân yn de kunde komme te litten mei ús Gysbert Japicxpriis-winner.

Wêr is dat jild bleaun, en wêrom hearre wy neat mear oer dizze saak? Mei ik dat freegje? Ja, dat mei ik freegje.

Wy hawwe kibbeling mei krieltjes en slaad iten yn ‘e karavaan.

 

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of