Y-Skrift: Resquat in pace

IMG_1399

Ja, it hie sa moai wêze kind, it Y-Skrift fan Skanomodu. It sil lykwols net sa lang mear duorje en dan is it oer, en wurdt de side offline helle.

Ik lies ôfrûne nacht Meindert Reitsma syn ‘essay’ ‘Skanomodu: in nije ympuls yn Fryslân, de opkomst fan in nije generaasje jonge Friezen.’  Pier Boorsma hat dêr in goed stik oer skreaun, dêr haw ik net sa’n soad oan ta te foegjen. De studintsjes binne tink aardich kjel wurden fan Boorsma syn stik, ommers, net lang dêrnei sakke it oantal publikaasjes op de side drastysk.

‘In nije generaasje jonge Friezen’… No, it wiene eins mar trije jonge Friezen, de trije leden fan de redaksje fan Skanomodu dy’t in nije ympuls jaan soene. Nei minder as in jier is de Dream al ferflein…

Resquat in pace.

Bamy.

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of