Fers2: literêre ynteelt sûnder wjergea

Selection_115

Achte lêzer,

sa’t jo hjirboppe lêze kinne, bestiet de redaksje fan fers2 út Abe de Vries en Friduwih Riemersma. No is it hjir by Knilles gjin Story as Privé, mar it is algemien bekend dat harren relaasje fierder giet as inkeld in saaklik/literêre gearwurking. It is in spantsje, en dat is fansels hiel moai foar Abe en Friduwih.

Lykwols, is it no net nuver dat Friduwih op de meast resinte fers2 de nijste bondel fan har freon en meiredakteur Abe besprekt? Ja, dat is nuver.  Wat skriuwt frou Riemersma ûnder oaren?

Brek dyn klank befettet beslist mylpealgedichten, binnen it oeuvre en yn de Fryske literatuer, lykas ‘Om fierdere fernieling oan it tsjerkhôf’ en ‘Dyn grouwélichste fjoerdraken’ dêr’t wy hjirboppe út sitearre hawwe. Dat is in hoopfol teken. Oan de oare kant kin it samar ien fan de alderlêste Fryske kwaliteitsbondels wêze. Want it hâldt in kear op fansels.

Litte wy hoopje dat it ek in kear ophâldt mei fers2.eu. Se hawwe no yn elts gefal har eigen grêf dold, dit is fansels in literêre deasûnde. Soks moat literêre krityk foarstelle. De Fryske literatuer is sa net mear serieus te nimmen.

Wy hawwe hite hûn en pizza iten.

2
Leave a Reply

avatar
2 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
2 Comment authors
cornelisvanderwaledwin Recent comment authors

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of
cornelisvanderwal
Guest
cornelisvanderwal

Oh… wat doch ik mysels oan… 🙂

edwin
Guest
edwin

Psst Knilles, doch no foarsichtich. Aanst wurdt dyn nije bondel delsabele op it ienichste digitale literêre kwaliteitstydskrift dat Fryslân (en faaks de hiele wrâld) ryk is. Jonguh, jonguh, hâld dy dochs koest. Dêr giet dyn karriêre.
SSSSSssssstttttttt