No woe ik fansels ek graach mei dit blochke op dy moaie *kuch* foarside fan de Fryske Beweging stean, dat ik skreau de Bewegers in mailtsje. Dêr komt hielendal gjin reaksje op, lit stean dat se myn blochke dêr selsette. Sucht.
Al like prachtich *kuch*! is de side fen it Skriuwersboun. Mar dy wurdt neffens my amper mear byhâlden. Wurket Elske S. dêr net mear oan mei? Der skine literêre jûnen organisearre te wurden, mar neat dêrfan op ‘e side… Sucht.
En dan krije wy de grutste Sucht fan ‘e jûn: Friduwih Riemersma is ien fan de oprjochters fan it Netwurk Frysk Literatuerwittenskiplik Undersyk. Jawis, deselde Friduwih dy’t de dichtbondel fan har freon Abe sa loovjend besprutsen hat. No net daliks in oanrikkemandaasje soe’k sizze! As dat it nivo wurde moat…
Pasta iten.
Updeet: ensafh oernommen troch Fryske Akademy! (neffens de Ried)
Comments 3