Flau Mienisme

Nee minsken, noch hieltyd gjin agindapunten -pardon-  ‘agendapunten’ by Sirkwy.nl. Faaks kinne se dêr troch de glêdens net by de kompûter komme. En dêr betelje wy belesting foar! Skamje jim in bytsje boel!

Wa’t him ek skamje moat, dat is de redaksje fan Skanomodu. Hja neame û.o. myn reaksjes op it Mienisme ‘flauwe stikjes‘. Wat sille wy no beleve? It tekenet oars al de wat âldwivige sfear dy’t der om dizze ‘jongerein’ hinne hinget. Humor? Selsspot? Nee, menear, nea fan heard, no.

En wat my de jubelteannen hielendal krom stean lit, dat is harren WC-Ein ‘Skanomodu-enkête‘. Dêr hawwe mar tolve lêzers oan meidien, foar it neist studintsjes, mar de redaksje nimt de útslach tige serieus, en stekt bosken fearren yn harren eigen reedt.

Bah!

Jûn tink patat.

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of