Algemiene artsy-fartsy

Hjoed wie ik foar in koart ûndersyk wer ris yn Tresoar, dêr’t as it goed is ek noch it FLMD sitte moat, mar ik kin it net fine… Lykas earder sein fyn ik de nije wurkplakken boppe tige slagge, der hearsket in rêstige sfear, folle better as yn it Stadsstudiecentrum yn de iepenbiere Byb. Dêr is de akûstyk tige min, net om út te hâlden, dêr is net te wêzen.

Ek efkes yn de nije Moanne lêzen. Eeltsje Hettinga is dwaande mei ien as oar dizenich projekt, poëzij en film of sa. It sil’t wol. Fierder allegear artsy-fartsy dinkjes yn dit algemien kulturele blêd. Ernst Bruinsma skreaf in lang Hollânsktalich stik oer it Sint Anthony Gasthuis, hjir om ‘e hoeke. Kin ien my no ris útlizze wêrom’t in auteur dy’t it Frysk skriflik yn ‘e macht hat sa’n stik yn it Hollânsk skriuwt? Foar in tydskrift dat subsydzje kriget om de Fryske taal te befoarderjen?

Bakte rjappels mei gehakbal en slaad.

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of