Moanne fan it nuete Boek

Jawis, ik bin der noch! En ik hâld der net mei op hear, it bloggen, dat giet troch oant ik der by delfal…

Moaie reklame foar ensafh yn de Leeuwarder Courant fan hjoed. Pieter de Groot ferwiisd nei de diskusjestikken op Poadium. Teake Oppewal blaast him op as in pod, sa skriuwt Pieter. Dy earme Teake dochs…

En der is ek in nije Moanne yn de bus fallen, mar ik haw der noch amper yn lêzen. Nijsgjirrich is it oersjoch fan de aktiviteiten yn it ramt fan de Moanne fan it Fryske Boek. Nuver, it heart eins oarsom, mar yn dit gefal is it papier der earder by as it ynternet. Ik alteast kin op it net frijwol neat fine oer dy aktiviteiten. Mar faaks haw ik net goed socht… Jo sizze it mar.

Yn elts gefal: it komt my net botte ‘sprankeljend’ oer wat ús te wachtsjen stiet. Wer in soad optredens yn de bibletheken. Wêrom net by de kroegen del? It is allegear sa netsjes, sa nuet. En it slimste is fansels dat Knilles net útnoege is om foar te dragen. Mar goed, ik begryp it wol, der binne dichters frege dy’t koartlyn in bondel útjûn hawwe. Myn tiid komt noch. Meie wy hoopje. Mar hoe sit dat eins mei dy ferfrysking fan de gedichten fan Reve? Dat hie my oars ek wol wat talike… Mar ik wist der neat fan ôf, dat projekt.

Wat moatte sokke fossilen as Frâns en Tineke Steenmeijer dêr te eameljen? Dy skriuwe ommers gjin literatuer, mar pulp. En, wat de muzyk oanbelanget, set der ris in band as Jitiizer del, ynstee fan dy sloppe hap! Dan komt der ommers ris wat jongfolk op ôf!

Haw pasta opwaarme.

[youtube]http://www.youtube.com/watch?v=aN-6eQuM3TY&feature=related[/youtube]

1
Leave a Reply

avatar
1 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
0 Comment authors
www.ensafh.nl Recent comment authors

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of
trackback

[…] Lês fierder by Cornelis van der Wal […]