Succeservaring van eenen aap

Noch altyd de Moanne net goed lêzen, ik wit ek net oft ik meikoarten oan in djipdollend besprek takom. Moarn set ik hjir yn elts gefal it poëzijbesprek del, dat hjoed yn it Deiblêd ôfprinte is.

Ik seach oars yn ‘e gauwichheid dat Arjan Hut syn nije bondel by de AFÛK útkomt, dat wie oars altyd Bornmeer. Is der wat bard dat wy witte moatte? Is der spul, heibel, kabaal? Wy wolle it witte, fertel it ús.

Ja, yndied: Koos Tiemersma hat in digitaal boek útbrocht, ik seach it earst oan foar in berneboek, mar dat blykt dus net sa te wêzen. Hoe blond je aap. In moai ynisjatyf, ek al is it yn de ferkearde taal skreaun. Mar dochs: it komt my al wat amateuristysk oer. Bygelyks: hoefolle siden hat it boek? En wêrom wurdt der mei foarútbeteljen fia jo bankrekken wurke en net fia Ideal of Paypal?

Ik hie ôfrûne nacht in gleske wyn dronken en ik tocht: lit my dat boek ris online keapje en dellade. Mar as it net daliks kin, dan giet it oer. No sa. Sa giet soks.

De rigel: “Aangemoedigd door die succeservaring kreeg hij de smaak te pakken en zocht enthousiast enkele kledingstukken van de man bij elkaar” ûnthjit oars net folle goeds. ‘Succeservaring’, krammele wat in rotwurd. Behearsket Tiemersma de Nederlandsche Taal wol goed? En jaja, it sil wol iroanysk of sa bedoeld wêze, it bliuwt in rotwurd. It liket my in soarte fan Wilders, dy aap yn dit boek, mar nei myn betinken kriget dy man hjoeddedei mear as genôch oandacht.

Ah! in fergees resinsje-eksimplaar soe faaks wat wêze. Tiemersma wit my te finen, ik wachtsje ôf.

Sil jûn bamy opwaarmje

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of