Heden, alwer in nije fers2! Wy wurde mar ferwend, no. Wêr hawwe wy it oan fertsjinne?
Lykas altyd skriuwe de twa redakteuren it digitale, marzjinale bledsje wer fol… Abe de Vries levere in ûnlêsber stik oer Jan Wybenga. Besykje dochs wat helderder te skriuwen Abe! En de beide redakteuren skreaven in hast like ûnlêsber stik oer poëzij-publikaasjes yn it Frysk. En oer te min poëzijbesprekken yn de blêden. No, dan docht fers2 it fansels folle better, it tilt op fan de poëzijbesprekken! Dit marzjinale bledsje lit bygelyks de iene redakteur syn poëzij troch syn oare redakteur besprekke… Dy’t tafallich ek syn freondinne is…
No, dan hawwe jo gjin rjocht fan sprekken mear.
Nee, alwer gjin nije stikken op Skanomodu. It is tink oer mei it studintetydskrift, der komt blykber gjin kopij binnen. Spitich hear! Ja, ik mien it.
Wy hawwe kurry mei rys iten. Dus.
Post a Comment