Hoannepasta

Ik krige synjalen dat guon fan myn fêste besikers op myn bloch ûngerêst wiene oer myn sûnens. Dit fanwege in lange perioade fan swijen hjirre. No jonges en famkes, der mankearret Knilles neat hear, mar ik wie tige besteld mei it skriuwen fan in hiel dreech artikel, dat no aldergeloks klear is. Jim hearre der letter mear oer.

Ik sil aanst wer fierder yn Josse de Haan syn ‘Reedride op glêd iis‘. De minne streken dy’t û.o. Jabik Veenbaas en Teake Oppewal úthelle hawwe binne tige beskamsum. Veenbaas is stoppe mei it Frysk. Lit Teake syn foarbyld mar gau folgje.

Wy hawwe pasta karbonara iten.

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of