Dei fjouwer: skriuwerssiden sirkwy.nl noch hieltyd net te berikken

No tinke jim, Knilles hat de gek mei sirkwy.nl, mar neat is minder wier. No ja, it is mislearre as ‘literêr poadium’ en op noch wol mear fronten, mar de skriuwersdatabase is in moai ding, dêr sil ik neat fan sizze. Ik woe alsa in deimannich lyn wat ûndersyk dwaan, en dat kin no dus net. ‘Wy sykje nei in oplossing’, dat stiet der al fjouwer dagen. Hawwe de snoadnoazen gjin backup makke? Myn God, wat in amateurisme…

Aansens nasy op ‘e kemping.

Post a Comment

Your email is never published nor shared. Required fields are marked *