Tsjêbbe as heit

Niiskrekt haw ik de film ‘Heit’ fan Piter Hettinga sjoen. Dy heit, dat is Tsjêbbe Hettinga. Jim witte faaks hoe’t ik oer Tsjêbbe syn foardracht tink en tocht. Ik koe en kin der mar min oer.

It sizzen is: oer de deaden neat as goeds. Dêr hâldt Piter H. him net oan, jo krije net in positive yndruk fan it karakter fan Tsjêbbe.

En litte wy it mar net oer it minne Frysk fan de sprekkers hawwe…

Wy hawwe patat en sneks iten.

1
Leave a Reply

avatar
1 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
1 Comment authors
josse de haan Recent comment authors

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of
josse de haan
Guest
josse de haan

Knilles, ik haw krekt op BVN de dokumintêre sjoen oer Tsjêbbe Hettinga, makke troch syn soan. Foarst fyn ik dat famyljeleden better net oer oare skriuwende famyljeleden skriuwe of filmje moatte (omkesizzers, sweagers, kutsweagers, muoikes of oare linken). Twad fyn ik dizze doku wol heel meager, want we hearre neat oer de poëzij fan de dichter, en dêr giet it dochs om – want wêrom soe ik ynteressearre wêze moatte yn de famyljerelaasjes? Ik bedoel, wêrom moat ik op ‘e hichte brocht wurde fan de relaasje dy’t de dichter mei syn neisten hie? It is allinne wichtich foar de bûtensteander… Read more »