‘Technysk probleem op Sirkwy’ al sûnt 04-05-2016

Understeand berjocht is juster op sirkwy.nl pleatst. Wat der net by stiet is dat dit probleem al sûnt 04-05-2016 bestiet. Ik bin bang dat dy hiele ‘tesaurus fan sa’n 2000 auteursnammen’ ferlern gien is. Wa is dêr ferantwurdlik foar? Faaks hat de Erdogan fan de Fryske Literatuer, Teake Oppewal, op in ferkeard knopke drukt?

Technysk probleem op Sirkwy

Wannear’t je yn Sirkwy sykje op ynformaasje oer auteurs komme de resultaten út sirkwy sels of fia in keppeling út de katalogus fan Tresoar.

De eksterne keppeling nei de Tresoarkatalogus wurket by de sykfunksje net mear goed, en it is ek net mooglik om dy op koarte termyn wer yn oarder te krijen.

De eksterne gegevens soene, as alles goed wurke, sichtber wurde moatte yn it grize blok sa’t dat hjirûnder stiet.

Wolle jo ynformaasje oer boeken, artikels, gedichten, knipselmap en byld- en AV-materiaal oer in skriuwer opsykje?
Brûk dan de website fan Tresoar, www.tresoar.nl.

Opmerking
Sirkwy hat in tesaurus fan sa’n 2000 auteursnammen, dy’t yn de list achter WA op de thússide opnommen binne. De keppeling fan dy nammen nei de Tresoarkatalogus is no dus ferfallen.

Fan 290 auteurs is lykwols in biografysk artikel op sirkwy sels oanwêzich. By dy artikels is ek in link opnommen nei de Tresoarkatalogus; dy wurket wol.

Redaksje Sirkwy

[17.05.2016]

Post a Comment

Your email is never published nor shared. Required fields are marked *