Nei it echec mei sirkwy.nl leit no ek de katalogus fan Tresoar der út. Ik woe niiskrekt efkes in boek ferlinge, mar dat kin dus net mear. Soe it komme om’t Tresoar no yn de ‘cloud’ sit? En wa begrypt eins wat hjir stiet?
Efkes wat plaatsjes der by, dan snappe se it op ‘e Bûterhoeke faaks ek.
Ik wol hjir ynlogge op de katalogus. Klik.
Dan komt dit:
Hoe kom ik no by myn liengegevens? En by de Tresoarkatalogus? En wat mei it ûndersteande betsjutte? Dy side komt nei foaren as jo dêr wat sykje.
Faaks is it in idee en nim ris wat bettere ICT’ers oan en lit it net oan goedwollende amateurs oer. Lykwols, as ik my fersin, dan jou ik dat graach ta. Ik wol gewoan in boek ferlinge, en it is striemin waar, dat ik haw gjin nocht dat eintsje te rinnen.
Jûn lekker ite.
O Romeo. O Julia….!
Dit wurdt in lovestory tusken Aly fan Tresoar en Knilles fan Knysoar, no.
Bêste frou De Boer, tige tank foar it ferlingen! Ik wurdearje it tige. Ik haw al in mail mei de problemen nei tresoar stjoerd, mar dêr noch neat op heard. Mar hoopje dat it gau ferholpen wurdt.
fr gr Cornelis
Achte hear Van der Wal,
Spitich dat it sa rint. Miskien kinne jo efkes kontakt opnimme mei Tresoar sadat wy jo fierder helpe kinne.
Wy hawwe de boeken alfêst ferlingd.
Mei groetnis,
Aly de Boer
Studzjesealmeiwurker.