De Katalogus, diel III

No minsken, Tresoar hat antwurd jûn, dat is hiel moai! In grut part fan de oplossing ta de katalogusproblemen stiet hjir: http://www.tresoar.nl/Pages/Tresoar-in-de-cloud.aspx. Mar ik hie myn mailadres ferline wike al trochjûn, en koe noch altyd net ynlogge.

Goed, ik haw myn emailadres mar wer opnij trochjûn, en haw dêr in befestiging fan krigen. Marrrr… Ik kin noch altyd net ynlogge. En jawol, ik fier myn mailadres goed yn en myn pasnûmer soe it wachtwurd wêze moatte, mar it wurket net.

No, moarn faaks better.

Wy hawwe pasta iten.

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of