Arrogant studintsje

Foto efkes oanklikke

13445515_1811201075775451_5611794142422357538_n

‘As skriuwtaal soe it Frysk ferdwine.’ LC-redakteur Asing Walthaus sitearret de *kuch* wittenskipper Han van de Velde. Dêr binne hielendal gjin arguminten foar, dat it Frysk net mear skreaun wurdt of wurde sil.

My falt fierders de grutte arrogânsje fan de hear Jan Ybema op. Gjin Fryske romans lêze, om’t se net goed binne. Generalisaasje fan de boppeste planke. En wat hat de hear Ybema sels prestearre? Hielendal neat. Syn tydskrift Skanomodu is in grutte mislearring wurden. Roppers en razers fan it net besteande Mienisme wiene it, dy redakteuren fan dat tydskrift. Der ferskine hast gjin artikels mear dêre. Lûk de stekker der mar út, stelstje blastige studintsjes.

Jûn lekker iten.

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of