Brykprater Elske Schotanus

Hy wit se wol út te kiezen, Asing Walthaus fan de Ljouwerter Krante. Diskear praat er mei Elske Schotanus. In hiel fermaaklik petear, sjoen it feit dat Schotanus hielendal gjin Frysk prate kìn! Hawwe jo har wolris heard? In hiel bryk taaltsje rôlet út har bekje. It sil wol Hearrenfeansk wêze of sa, gjin Frysk yn elts gefal…

En dit skriuwt Sytze Hiemstra op Facebook:

‘Elske Schotanus hat har bern yn it Hollânsk grutbrocht: ‘Ik ha wille oan it boartsjen mei de taal en mear is it foar my net.’ Se fielt har ek net roppen om it Frysk te ‘promoaten’ (befoarderjen): ‘As it net ‘lukt’ (slagget) dan hâldt it op.’ Taal soe neffens har allinnich mar ‘kommunikaasje’ wêze …

Ien dy’t sa oer ús ‘erfgoed’ – en dat is gâns mear as kommunikaasje – tinkt en praat en dat sa ek noch yn de krante sette lit, is net al te snoad en is likemin in oanwinst foar de Fryske literatuer.

Wat my oanbelanget hoecht se de pinne net wer op te nimmen …’

No sa!

Juster hiene wy gjin bamy mar fisk. Hjoed al bamy.

It artikel efkes oanklikke.

13434964_1811998762362349_7665823007338121750_n

1
Leave a Reply

avatar
1 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
1 Comment authors
Grutte Pier Recent comment authors

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of
Grutte Pier
Guest

It Frysk is gjiin letterfetisjisme. As it net neukt dan slagget it net, no.