Erica Bergema, Rolf Bremmer, Afke de Haan en Marlies de Jong, does that ring a bell? Eh… Ik hie allinnich noch mar fan Rolf Bremmer heard, de akademikus. De oare trije meie jo sels googelje… Hoe dan ek, dizze persoanen hawwe ferstân fan it literêre Frysk neffens de Provinsje, se sitte ommers yn de advyskommisje foar de Obe Postmapriis 2016, de priis foar oersettingen yn en út it Frysk, yn alle sjenres.
Lit ik foaropstelle dat ik alle fjouwer nominearren de priis net misgun. Lykwols… in dichter -Tsead Bruinja- nominearje dy’t syn eigen Fryske fersen oersetten hat yn it Hollânsk, kin dat eins wol? Ik fyn it frijwat bizar. Hoe hat Bruinja dat dien yn Stofsûgersjongers / Stofzuigerzangers, wiene guon Hollânske teksten der net earder as de Fryske? It soe oars moai wêze dat Tsead wer ris in priis krige, mar hjir haw ik grutte fraachtekens by.
En wêrom yn ‘e goedichheid stiet Geart fan der Meer net op it listke? Dat is in grut skandaal. Dat wie tink te dreech foar de kommisje, al dy tsjokke boeken…
Koartsein: it amateurisme slacht wer ta! Mar dat binne wy njonkelytsen wend.
Wy hawwe pizza iten
Soe wol in poll sjen wolle mei gadingmakkers foar de Obe, ynklusyf Geart van der Meer!
Oars as wat in soad Frysktaligen, better sein taalbewegers, jin wiis meitsje wolle is dat it Frysk nea in algeniene gebrûkstaal west hat. Wol is it sa dat oant foar inkelde jierren it Frysk op it plattelân foar master opsloech, ek al wie dat oanfretten troch de fjouwer Fryske dialekten en troch bergen lju dy’t der mar wat hinne eamelje yn harren egolekten. Sûnt koart is de safolste diskusje op gong oer de takomst fan de taal. Dat nei oanlieding fan ad hoc taalûndersiker Hans van de Velde fan de Friieske Akkedeemje dy’t tawol op it stypjen fan eins allinnich… Read more »
Tsead in priis krige? Pas op, hy stjoert in advokaat op jim dak, no.
Men kin jin altiten ôffreegje wêrom’t ien net nominearre is. Faaks wie ien Geart genôch?