Skandalige behanneling Ierske skriuwster troch Tresoar

‘Fan jannewaris 2016 ôf docht Tresoar, it Frysk histoarysk en letterkundich sintrum, mei oan it Europeeske útwikselingsprojekt Other Words/ Oare Wurden. Fiif Europeeske lannen en regio’s wurkje meiinoar gear om in literêr netwurk op te bouwen foar skriuwers fan lytse en minderheidstalen. Yn it projekt krije skriuwers de kâns om acht wiken yn it bûtenlân te wenjen en te wurkjen en om yn harren tydlik wenplak warber mei te draaien yn it kulturele libben.’ (Berjocht op ensafh fan 08-02-16)

Moai no? Jawis! Foar my persoanlik is it net sa gaadlik, mar it idee kin ik allinnich mar posityf oer wêze. Op dit stuit sit André Looijenga yn it ramt fan dit projekt yn Massedoanië, en hy hat it neffens my goed nei’t sin.

Jo binne fansels benijd nei de reden foar de skokkende kop boppe dit bloch. No, lês hjir mar ris, it hjoed publisearre petear dat Hedwig Terpstra mei de Ierske skriuwster Réaltán Ní Leannáin hie, dy’t foar Oare Wurden fan heal april oant ein maaie yn Fryslân te gast wie. No ja, te gast?

‘When I first arrived I was shown the flat and you can see it’s a lovely space. But I was just put in here and that was that. So, at the beginning it was very, very lonely. I don’t think that the organizers felt it was their duty to help me settle into the community.’

/…/  ‘The person I was in contact with was on holidays. So… the first half of my residency was not good. I actually did go home for a break. When I came back things were a little better organized. But not socially.

/…/ I think if I had known what buses to get here in Fryslân and where to go, it would have helped. There wasn’t a lot of information available. I had to find out about the OV-chipcard myself as well. I think the organization has learned a lot of lessons for the next Oare wurden-writer who will come here.’

Koartsein: Réaltán Ní Leannáin waard yn har tydlike flatsje dumpt en fierders seach gjin ien mear nei har om. Se hat út klearebare wanhoop wer in skoftke nei Ierlân werom west. De oanbelangjende meiwurker/meiwurkster (wa is dat???) wie mei fakânsje…

Tresoar moat him deaskamje, om mar gjin ‘Oare Wurden’ te brûken…

Jûn lekker waarm iten.

Comments 1