Op ‘e knibbels mei Nynke Sietsma

‘Dat einleaze gesûp sûnder te priuwen. Ik ha it nea hielendal snapt. Dat dogge je neffens my net omdat it lekker is mar omdat it saneamd sa heard. Mar wa hat dat betocht? Dat it sa heard? Earne is it ea begûn. Meirinners hâlde it yn stân. Mar as je freon yn de sleat springt, springe je der dochs ek net efter oan?’

Nee, dit hat Knilles net skreaun, dat hiene jo al troch. En dan doel ik noch net iens op de DT-flater… Nee, sok âldwivepraat hjit tsjintwurdich in ‘kollum‘ en de Omrop fynt it prachtich. In sekere  Nynke Sietsma hat dêr romte krigen om wat te skriuwen. No soene jo faaks tinke dat it minske sawat yn ‘e tachtich wêze sil, mar as jo de foto besjogge, dan falt dat wol wat ta.

Frou Sietsma is ‘freelance sjoernaliste foar ferskate kranten en tiidskriften’.  Mar foar de Omrop giet se op ‘e knibbels en sprekt se de Friezen op in toantsje ta as wiene it lytse bern. Frou Sietsma mient dat de Friezen dom binne. Dat komt fan it sûpen fansels.

Comments 1