… mar al in literêre treinreis

Fannemiddei efkes mei de trein nei Liwwadden west, jo riede it al: om boeken by Tresoar. Ik brûk no it paske fan de Iepenbiere Byb om dêr te lienen. Skeelt my 15 Eury. Ik haw in Geheim, Gefaarlik en Fout Boek liend, fansels allinnich foar stúdzje-doeleinen, net omdat ik it der mei iens bin. Wier net. It hat wat mei it Oera Linda Boek te krijen.

Doe ik de trep delgong om wer nei bûten, rûnen Teigetje en Woelrat der ek út, se wiene yn petear mei neffens my in Tresoar-wurknimmer. Se hiene doazen en pûden by harren, wierskynlik noch fan de foto-útstalling. Ik fong in pear wurden fan it petear op: it gie oer ‘oude lakens.’ Dat die my tinken oan it feit dat Gerard Reve frijwol nea syn bêd ferskjinne, de lekkens stiene altyd stiif fan de … eh… fertochte plakken.

Knilles wasket syn bêdguod wol op ‘e tiid út, hear mefrou, dat wat let jo en krûp der gesellich by, soe’k sizze.

En, om it noch literêrder te meitsje: by it stasjon Mantgum stie Wieke de Haan mei har fyts foar de oergong fan it spoar. Ja, jo meitsje wat mei op sa’n dei.

Waarmje jûn wer pasta op.

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of