Ferdinand de Jong pleitet foar midsmjittigens

De Jong skriuwt: ‘der hat noch nea in frou de Gysbert wûn foar in boek.’ Rixt hat yn 1953 de Gysbert krigen foar har dichtbondel ‘De gouden rider’. Dat wie in boek, en Rixt wie in frou.

Dit wie myn reaksje op de side fan de Omrop, dêr’t in kollum fan Ferdinand de Jong mei de titel ‘De Gysbert Japicx priis en twa ferdronken bern’ publisearre waard. In nijsgjirrige kollum, net yn it minst om’t der hielendal neat fan kloppet, fan de oanname dat noch nea in frou de Gysbert foar in boek krigen hat.

screenshot-from-2016-10-06-140933

20161006_154026

Mar faaks fine frou Riek Landman en har meirinner Ferdinand dat dichtbondels gjin boeken binne… Lêst De Jong wolris in gedicht? My tinkt fan net, mar dat hoecht ek hielendal net, elk syn ding no? Ik sels haw noch nea in boek fan De Jong as Landman lêzen, net om’t ik op it sjenre (triviaalliteratuer) delsjoch, mar om’t ik leaver boeken lês dy’t my oan it neitinken sette.

De lêste alinea is wier om te spuien, allinnich al fanwege de sjerpslikkerij nei Landman ta:

‘Wat ik wol sizze wol, is dat de lêzers yn it generaal straal oan de Gysbert winners foarby geane. Want Riek, Auck Peanstra, Hylkje Goinga, Froukje Annema en op dit stuit Hilda Talsma binne by de minsken dy’t Frysk lêze gâns populêrder dan de gemiddelde Gysbert winners. Dus Riek, de kwaliteit sit net yn it winnen fan de Gysbert, mar yn wat de lêzers fan dy fine. Dat sit by dy wol goed ‘.

Ferdinand de Jong seit dus dat populariteit itselde is as kwaliteit. Kane (oer spuien sprutsen) is better as it Concertgebouworkest. Toon Hermans hat mear kwaliteit as Willem Frederik Hermans. Riek Landman is better as Jan Wybenga. Gean sa mar troch.

No soe ik hjir hast in Godwin delsetten hawwe. Oare kear mar ris.

Ferdinand de Jong pleitet yn feite foar it ôfskaffen fan de ‘hegere’ Fryske literatuer. En wêrom? Om’t it wat te dreech is om te lêzen, it giet him boppe de pet. En dêr kin de man mar min oer.

Jûn pasta opwaarmje

 

1
Leave a Reply

avatar
1 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
1 Comment authors
josse de haan Recent comment authors

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of
josse de haan
Guest
josse de haan

Tiny Mulder hat yn 1986 de GJ krigen foar har hele oeuvre – dus boeken mei gedichten en boeken mei proaza. Benammen foar har syklus OH IN STÊD AH IN LÂN.